Luister en lees nu 14 dagen gratis

Ontdek Storytel nu 14 dagen gratis. Meer dan 1 miljoen luisterboeken en ebooks in één app.

  • Switch makkelijk tussen luisteren en lezen
  • Elke week honderden nieuwe verhalen
  • Voor ieder een passend abonnement
  • Opzeggen wanneer je maar wilt
Probeer 14 dagen gratis
BE - Details page - Device banner - 894x1036
Cover for Middlemarch

Middlemarch

Taal
Nederlands
Formaat
Categorie

Klassiekers

Monumintale klassiker fan George Eliot mei hege status yn de Ingelse literatuer oerset yn it Frysk troch Geart fan der Mear

De roman MIDDLEMARCH. A STUDY OF PROVINCIAL LIFE fan George Eliot (skriuwersnamme fan Mary Ann Evans, 1819-1880) ferskynde yn 1871-2 en spilet yn 1829 - 1832, de tiid fan de grutte herfoarming fan de Ingelse kieswet.

Dit tsjokke boek bestiet út ferskillende ferhaallinen, dy't har konsintreare op de fraach: wat moat ik mei myn libben en hoe kin ik, tsjin de achtergrûn en mooglikheden fan de tiid, myn idealisme stal jaan? Yn it bysûnder giet it boek oer de fraach wat de rol fan de frou wêze kin en moat yn it houlik, yn in tiid dat der foar in frou amper de romte bestie foar de ûntwikkeling fan har eigen talinten. It boek iepent mei it ferhaal oer de 19-jierrige wees Dorothea Brooke, dy't mei har jongere suster Celia bij har omke wennet, in rike lânhearre. Sij komt yn de kunde mei de toarre, pedante en folle âldere dominy Casaubon, dy't in grutte stúdzje skriuwe wol oer de kaai ta alle mytologyen. Dorothea, dy't earst har idealisme bod besocht hie te jaan troch der bij har omke en syn buorman op oan te stean om de earmoedige klintsjes fan har pachters te ferbetterjen en te modernisearen, tinkt dat se Casaubon helpe kin bij syn wurk, en sa op dy manier as frou heel wat betsjutte kin.

As hij har in houliksoansyk docht nimt se dat oan, al binne alle oaren om har hinne derop tsjin. Al gau, lykwols, docht bliken dat dat boek noait klearkomt, feitlik net folle foarstelt, en dat har man har stipe, en al gau ek har krityk, net ferneare kin. It houlik is gjin sukses, Casaubon sukkelt mei syn sûnens, en wurdt jaloersk op syn achterneef Will Ladislaw, in beppesizzer fan in muoike fan Casaubon, dy't ûnterve wie fanwege in houlik ûnder har stân, mar Casaubon hat Will wol ûnderholden en op syn kosten studeare litten. Hij fermoedet dat Dorothea wol foar Will fjilt. As Casaubon komt te stjerren blykt dat er Dorothea ûnterve hat yn it gefal dat se mei Will trouwe soe. In oar gefal fan in mislearre houlik is dat fan de jonge idealistise húsdokter Lydgate: syn kreaze frou Rosamond hat inkeld mar niget oan de wenstige rol fan de húsfrou, te witten deftige besites ûntfange en ôflizze, en moaie klean. Lydgate wol wat yn de medise wittenkip betsjutte, en docht thús wat eksperiminten, mar alles brekt him bij de hannen om't ôf.

Syn frou wurket him tsjin, en syn kollega's ha in skalk each op him en syn nijmoadrige ideeën. Lydgate rakket troch har djip yn de skulden en mislearret as fernijend dokter. In oare ferhaalline is de ferkearing fan Fred Vincy en Mary Garth: Fred soe dominy wurde kinne, mar hat dêr sels gjin sin oan, wylst Mary seit dan net mei him trouwe te wollen, want sij fynt dat dat amt totaal net bij him past. Troch it hele boek hinne spilet ek noch de fraach, foaral yn ferbân mei de bankier Bulstrode, yn hoefier't der in luchtsje sit oan syn jild.

It boek MIDDLEMARCH, in fiktyf stedsje yn de midden fan Ingelân, hat in hege status yn de Ingelse literatuer. It is wol in psychologise roman neamd fanwege de djipgeande subtile analyses fan de beweechredenen fan de haadfigueren.

© 2025 Elikser B.V. Uitgeverij (Ebook): 9789463658188

Vertalers: Geart fan der Mear

Verschijnt op:

Ebook: 12 december 2025

Anderen genoten ook van...

Maak je keuze:

  • Voor ieder een passend abonnement

  • Kies het aantal uur en accounts dat bij jou past

  • Download verhalen voor offline toegang

  • Kids Mode - een veilige omgeving voor kinderen

Meest gekozen

Unlimited

Voor wie onbeperkt wil luisteren en lezen.

€13.99 /30 dagen

  • Meer dan 1 miljoen luisterboeken en ebooks

  • Altijd opzegbaar

Probeer 14 dagen gratis

Premium

Voor wie zo nu en dan wil luisteren en lezen.

€9.99 /30 dagen

  • Meer dan 1 miljoen luisterboeken en ebooks

  • Altijd opzegbaar

Probeer 7 dagen gratis

Flex

Voor wie Storytel wil proberen.

€7.99 /30 dagen

  • Spaar ongebruikte uren op tot 50 uur

  • Meer dan 1 miljoen luisterboeken en ebooks

  • Altijd opzegbaar

Begin nu

Family

Voor wie verhalen met familie en vrienden wil delen.

Vanaf €18.99 /maand

  • Meer dan 1 miljoen luisterboeken en ebooks

  • Altijd opzegbaar

Jij + 1 familielid2 accounts

€18.99 /30 dagen

Probeer 14 dagen gratis